Ferromming koroana maatregels

Tsjerken meie fanôf 25 septimber de oardelmeter-regel loslitte en der is gjin koroana tagongsbewiis nedich by de yngong.  Ek mei der wer songen en kofjedronken wurde.

De Classis Fryslân jout Protestantse Gemeenten wol it advys om foarsichtich te bliuwen en ôfstân te hâlden.

Us gemeente past boppesteande ferrommings ta, mar ek by ús  bliuwt  foarsichtichheid foarop stean.  Foar minsken dy’ t dat wolle, is it yn ús tsjerken altyd mooglik om de oardelmeter ôfstân te bewarjen.

De hjir neamde regeljouwing is jildich foar sawol earetsjinsten, útfearten, houliken en fergaderingen. Foar oare eveneminten jilde de maatregels fan de landelike oerheid. 

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei Franke Bouwstra (0515 56 9311).

De it berjocht is jildich oant 1 novimber.