Kerkdiensten juni

TSJERKE TSJINSTEN  fiere mei wer fanôf 1 juny, mei maksimaal 30 persoanen, sûnder sang en  kofjedrinken. Sa blykt út it Protokol Tsjerketsjinsten fan de Protestantse Tsjerke.

Wat betsjut dit foar ús gemeente? Kinne wy wer tsjinsten hâlde?

Foar ús gemeente soe it oantal fan maks. 30 persoanen gjin probleem wêze om. Dat der net songen en kofjedronken wurde mei is spitich mar de tsjinst hoegde de net om oer te gean.

Wat wol in punt fan oandacht is,  dat is de hege leeftyd fan de measte fan ús tsjerkegongers.

Nei advys fan de klassis Fryslân is de tsjerkerie fan betinken:

“Mei ús kwetsbere groep 70+’sers moatte wy gjin risiko nimme, wy moatte de grinzen net opsykje. Foarearst is it goed om de ûntjouwings ôf te wachtsjen en foarsichtich te wêzen”.

Dêrom: gjin tsjinsten yn juny yn Burchwert en Hichtum.

Yn ‘e rin fan de simmer kinne de tsjerkedoarren mooglik wer iepen. De tsjerkerie is dwaande om it nije Tsjerke-Protokol  sadanich foar ús tsjinsten yn te rjochtsjen dat wy feilich meielkoar tsjerkje  kinne. Rieplachtsje tsjin dy tiid it tsjinstenroaster yn de Kerkklok en de webside www.pgbhh.nl. Fansels is it hâlden fan tsjinsten ûnder foarbehâld fan nije ûntjouwings rûn it corona firus.

Lokkich binne der foar de kommende moanne ferskate mooglikheden om tsjinsten te folgjen:

  1. Yn de Martinitsjerke fan Easterein is in Himelfeartstsjinst en in Pinkstertsjinst opnommen. De tsjinsten binne te sjen op https://youtu.be.be/nSoROog665U. Inisjatyfnimmers binne de gemeenten Lollum-Waaksens, Kûbaard, Wommels-Hidaard, Burchwert-Hartwert-Hichtum en Easterein.
  2. Goed besjoen wurde ek de tv. tsjinsten op Omrop Fryslân en NPO2.
  3. Of sjoch foar online tsjerketsjinsten de websides www.kerkomroep.nl en www.youtube.com. 

De tsjerkerie winsket elkenien alle goeds en sûnens ta

en betink: ek al is de tsjerkedoar foarlopich sluten, wit dat wy der foar jim binne.

De tsjerkerie Burchwert – Hartwert – Hichtum