Meidieling tsjinsten

Bêste gemeenteleden,

De corona-krisis blykt in saak fan in lange adem. De lockdown dy’t dizze wike yngien is rekket de hiele mienskip en ek ús tsjerke.  Kinne wy noch wol tsjinsten hâlde?  De Classis Fryslân riedt oan om de tsjinsten sa folle mooglik digitaal oan te bieden, mar as dizze mooglikheid der net is, kinne der (foaral mei Krysttiid) tsjerken iepen hâlden wurde. Wol mei de nedige bekende beheinings fansels.

Om’t ús gemeente tige lyts is en gjin online tsjinsten útstjoert, hat de tsjerkerie besluten om op Earste Krystdei meielkoar yn de tsjerke fan Burchwert it krystfeest te fieren. Der is, om sa mar te sizzen, foar allegear plak yn ‘e herberch. Ek de lêste Advintstsjinst (dizze snein) bliuwt op it programma stean. De Aldjierstsjinst en oare tsjinsten o.m 18 jannewaris komme te ferfallen. Dat lêste is spitich, mar lokkich gloaret der hope oan de kime troch de komst fan faksins. Sil it sa wêze dat wy takomm’ jier om dizze tiid wer yn ús gewoane dwaan binne? De tsjerkerie hopet en bidt dat dit it gefal is. Wy binne op wei nei it ljocht en de berte fan Jezus. En dat jout hoop en hâldfêst.

ATTINSJE

Alle tsjinsten dy’t yn de KERKKLOK steane foar NEI Earste Krystdei geane NET troch.

Jo kinne altyd de webside www.pgbhh.nl rieplachtsje.

De gemeente nimt yn de tsjinst fan 20 desimber ôfskie fan dû. Peter Wattèl:

Afscheid

Toch wel vrij plotseling moet ik afscheid nemen van u als gemeente. Het wonen in Witmarsum werd uiterst vervelend, en daar kon geen oplossing voor gevonden worden. Daarom ben ik, zoals dat formeel heet, vrijgesteld van werkzaamheden. Omdat ik vervolgens verhuisd ben naar Oegstgeest, lijkt de afstand te groot om het werk in Burgwerd-Hartwerd-Hichtum te kunnen voortzetten. Ik vind het erg jammer, dat het zo gelopen is, maar het is niet anders. Dat betekent, dat 20 december de laatste dienst is, waarin ik mag voorgaan. Het mooie is dan, dat ik twee nieuwe ambtsdragers mag bevestigen. Dat is dan weer een hoopvol gebeuren. Tot en met 31 december kunt u nog een beroep op mij doen, om welke reden dan ook. Ik ben telefonisch bereikbaar (0653448911) – in deze coronacrisis is dat een goede mogelijkheid – en als het nodig is kom ik naar u toe. De weg naar Friesland is geen vreemde, onoverkomelijke weg. Ik hoop dan ook nog vaak in Friesland te kunnen komen. En wie weet ontmoeten we elkaar dan nog eens. Tot slot: ik hoop dat het goed gaat met u persoonlijk. Ik hoop, dat het goed gaat met u als gemeente. Ik hoop dat u in de verbinding met elkaar, voor de wereld, de tempel bent, waarin de Heilige Geest thuis is (1 Korintiërs 3:16 gaat over de gemeente).

Ds. Peter Wattèl

OARE MEIDIELINGS

BEGRUTTINGS

De tsjerkerie hat de begruttings fan de diakenij en de tsjerke foarlopich fêststeld. De begruttings lizze op besjen by F. Bouwstra, Oldeclooster 8, Hartwert op moandei 21 desimber fan 16.00 – 18.00 oere en op tiisdei 22 desimber fan 19.00 – 20.00 oere. Tel.nr: 0515 56 9311.

DE ALDJIERSKOLLEKTE                                                                                                                                           

Ek dit jier wolle de tsjerkrintmasters de Aldjierskollekte ûnder jo oandacht bringe. Dizze lêste kollekte  fan it jier is foar it ûnderhâld fan de tsjerke ornearre. Wy freegje jo om jo bijdrage oer de bank oer te meitsjen. In slúfke meinimme nei de âldjierstsjinst is fansels ek mooglik.

NL 97 RABO 0308 7016 82 û.f.f. Aldjierskollekte. Wy hoopje dat jo opnij posityf reagearje sille. Hertlik tank foar jo bijdrage.

Op wei nei it Krystfeest winsket de tsjerkerie elk goede krystdagen en alfêst folle Lok en Seine yn 2021, wêryn alles wer in bytsje  gewoan wurde mei. Hâld ôfstân en moed!