Nijsbrief leden maart 2021

Bêste leden,

Ferline jier hiene wy healwei de fjirtichdagentiid de earste lockdown. No, in jier letter, geane wy wer mei beheiningen op wei nei Peaske.  De corona-krisis hâldt noch oan. Hoewol der hiel foarsichtich wat ferromming komt, is it organisearjen fan fysike aktiviteiten en elkoar opsykje noch amper mooglik.  Rûnom hawwe minsken soargen oer sike neisten, wurk, ynkommen en takomst.

Wat in wûnder is it dan dat de natoer ús samar folop winterwille biedt.  Ynienen koene wy massaal  de redens ûnder bine en in wykein lang troch in mearke-eftich Frysk winterlânskip streekje. En no, in pear wiken letter, sit it foarjier al wer yn ‘e loft.  De snieklokjes en krookjes laitsje nei de sinne en de termometer jout dûbele sifers oan. De tiid komt deroan dat wy wer mei inoar op paad kinne. Op paad mei God as Liedshear, dy’t ús de wei wize sil. En al wurdt it in wei mei ‘ups en downs’, wy meie witte:

Yn it kâlde fan de winter

Groeit it foarjier ûndergrûns

Noch ferburgen oan’t it útkomt

God sjocht nei de skepping om.

Meidielings út de tsjerkerie

Der binne o.m. maart noch gjin tsjinsten yn de tsjerken fan Burchwert en Hichtum. Sa gau as dat wer mooglik is sille wy it yn de Kerkklok en op de webside www.pgbhh.nl  witte litte. Foarearst kinne de leden fan ús gemeente wol de livestream tsjinsten fan de gemeente Lollum/Waaksens folgje. Wa’t hjir gebrûk fan meitsje wol, docht dit troch in oanmelding op de webside: www.kerkdienstgemist.nl Hjir kin tagong ta de tsjinsten oanfrege wurde. Wy fersykje om by oanmelding ûnder OPMERKINGS oan te jaan dat jo lid fan de PG BHH binne. It is ek oan te rieden om de tagong rom op tiid oan te freegjen. Wy binne bliid dat de gemeente Lollum/Waaksens ús dizze gelegenheid biedt en hoopje dat der in soad gebrûk fan makke wurdt.

Fan de kommende livestream tsjinsten is 1 tsjinst in mienskiplike tsjinst fan de beide gemeenten.

Woansdei 10 maart, Lollum

19.30 oere: foargonger dhr. J.J. Hoefnagel

Bidoere foar gewaaks en wurk

Sjoch foar de oare livestream tsjinsten op de webside fan de PG Lollum/Waaksens.

Omrop Fryslân stjoert it hiele jier sneintemoarns om 10.00 oere live tsjerketsjinsten út op telefyzje en online.

Yn de moanne maart komme dizze tsjinsten út ‘de Oase’yn Drachten.

Ynfolling fakatuere diaken                                                                                                                         

Hjirby draacht de tsjerkerie foar it amt fan diaken foar oan de gemeente: Tjallie van Abbema út Hartwert. Wy binne bliid dat wy dizze foardracht dwaan kinne, mar mocht immen beswier oantekenje wolle, dan kin dat o.m.  10 maart skriftlik op it adres fan ús gemeente: Postbus 196, 8700AD te Boalsert.

In goede 40-dagentiid op wei nei Peaske tawinske

mei in hertlike groet fan

de tsjerkerie PG Burchwert-Hartwert-Hichtum