Tsjinsten fanôf septimber

Bêste leden,

In heal jier lang ha de tsjerkedoarren fan Burchwert en Hichtum ticht west fanwege it coronafirus.
Foar de moanne septimber steane der lykwols wer 3 tsjinsten op it programma om sa it tsjerklik
libben yn ús gemeente wer foarm te jaan. In soad minsken sjogge der wer nei út.

De tsjerkerie hat oan ‘e hân fan it Protokol Tsjerketsjinsten fan de PKN in Gebrûksplan (Burchwert en Hichtum) foar ús tsjerken opsteld. Dit hâldt foar de tsjerkegonger it folgjende yn:

1. Kom net as jo klachten ha lykas: koarts, ferkâldheid, swier sykhelje by it rinnen ensfh.
Dit jildt ek foar oaren út deselde húshâlding
2. Hâld 1,5 m ûnderling ôfstân
3. Hannen waskje by de yngang
4. Der wurdt triage dien (frege oft jo covid-19 ferskynsels hawwe)
5. Presinsjelist ynfolje mei namme en tillefoannûmer
6. Jo wurde nei jo plak brocht troch de koördinator/tsjerkeriedslid
7. De jas mei nei it sitplak nimme

Boppesteande punten jouwe miskien wat in ûngemaklik gefoel mar it folgjen fan it protokol is fan
belang foar ús allegear. Foaral om’t wy gebrûk meitsje fan de mooglikheid om te sjongen yn tsjerke.
Lokkich liene ús tsjerkgebouwen har hjir goed foar en foldocht ús gemeente oan de easken fan it
RIVM. Wy hoopje elkenien dan ek te moetsjen by de tsjinsten.

PROGRAMMA TSJERKE TSJINSTEN
6 sept.: 9.30 IEPENLOFTTSJINST yn Hartwert by de fam. Zijsling oan de Middelseedyk 3.
Foargonger: dû. L. Westra, oargelist: Menzo Rohn, sang: Annemarie Zijsling en Liuwe Westra.
KOM ALLEGEAR want it belooft in moaie tsjinst te wurden yn de smûke tún fan de ‘Fiif Ekers’
pleats. Nei de tsjinst stiet de kofje klear.
Mocht it min waar wurde, dan wurdt de tsjinst in heal oere letter, dus om
10.00 oere yn de tsjerke fan Burchwert holden. Dan is der kofje foarôf oan de tsjinst.
Belje by twifel oer de lokaasje mei F. Bouwstra till.nr. 06 17138489.

20 sept.: 9.30 oere Burchwert Foargonger: dhr. J.J. Hoefnagel, oargelist: H. de Vries

27 sept.: 10.00 oere Hichtum Nije ynfolling mei it koar ‘Nocht en Wille’.

Neist de meidielings oer de tsjinsten dogge wy yn dizze brief ek in tal meidielings fan de diakonij en
tsjerkrintmasters, dy’t gewoanlik op de gemeentejûn dien wurde.
1. Op de gemeentejûn fan 12 maart lêstlyn ha de leden de dúdlike boadskip ôfjûn om as lytse,
hechte gemeente selsstannich troch te gean, sa lang as it kin. En it kin allinnich as der genôch
gemeenteleden/tsjerkeriedsleden binne. Yn réaksje hjirop hawwe 6 frijwilligers har
beskikber steld foar taken yn of bûten de tsjerkerie; dizze minsken wurde meikoarten
benadere.
2. It Resultatenoersicht Jierrekken 2019 fan it Kolleezje fan Diakonij en it Kolleezje fan
Tsjerkrintmasters is te besjen op de webside www.pgbhh.nl.
Op de webside is ek fanôf 1 septimber it Protokol Tsjerketsjinsten en it Gebrûksplan mei de
corona foarskriften te lêzen.
3. It timmer- en ferfwurk fan it ûnderhâldsplan 2019-2024 fan de beide tsjerken is útfierd.
Hjirby is yn Burchwert it houtwurk fan de goaten en it leadwurk fan de toer nei de tsjerke
ferfongen en der is foechwurk dien. Yn Hichtum is houtreparaasje dien oan de finsters en
grutte doar. Beide tsjerken ha in ferfbeurt hân.
4. De kosterswenning oan de Doniawei 14 wurdt sûnt febrewaris bewenne troch ús nije koster
Moniek Stroband en har man. Tineke Eringa is nei Boalsert ferhuze; it offisjele ôfskie sil noch
plak hawwe. Jesse Wijnia is de nije bewenner fan it diakonij hûs oan it Trekpaad te
Burchwert.

In hertlike groet fan de diakens en rintmasters.

 

Link nei dokuminten